Winkelwagen
0 artikelen € 0,00

Home

Zoeken

E-boeken

Agenda

Nieuws

Over ons

Contact


Nieuwsbrief

Altijd op de hoogte van het laatste nieuws en nieuwe uitgaven!


Links


Fryslân, lân fan talen

Fryslân, lân fan talen
Titel: Fryslân, lân fan talen
in skiednis
Auteur: Reitze J. Jonkman; Arjen P. Versloot
Bestelnr.: 9789492176219
Prijs : € 22,50
Status:Dit artikel is binnen twee werkdagen leverbaar.
Delen:
Plaats in winkelwagentje
Vorige

Reitze J. Jonkman & Arjen P. Versloot 

Fryslân lân fan talen fertelt oer de skiednis fan it Frysk: wêr't it weikomt, hoe âld at it is, dat it yn de rin fan de iuwen aardich wat feroare is en noch feroaret, hoe't it plak yn de maatskippij net altyd itselde wie en wat syn posysje yn de lêste iuw wurden is. It ferhaal fan dy taal stiet net op himsels, want fan it begjin fan ús jiertelling ôf hat it yn kontakt stien mei oare talen lykas it Latyn, it Frankysk, it Middelnederlânsk, it Stedsk, it Nederlânsk en de lêste tiid hieltyd mear it Ingelsk. 

Mei rychjes foarbylden fan oernommen wurden wurdt in yndruk jûn fan de ynfloed fan oare talen op it Frysk. Kaartsjes meitsje dúdlik hoe't de talen geografysk tusken de oare talen yn steane en hoe't der ferpleatsings west ha. Ek gâns oare yllustraasjes litte sjen dat it ferhaal fan de Fryske taal in soad nijsgjirrige haadstikken hat. 

Frysk, ynbûn, 144 siden.